Quantcast
Viewing latest article 1
Browse Latest Browse All 4

Bauke v.d. Woude no wol yn Kimswert

KIMSWERT – Lietsjesjonger Bauke van der Woude út Harns soe op 23 febrewaris mei Campbell Forbes en John Eskes in middei fersoargje yn MFC Piers Stee yn Kimswert optrede. Omdat der moarns  brân yn ‘e keuken fan it MFC  útbruts, koe dat net troch gean. Der is no in nije datum fûn en wol tongersdei 19 april yn  Piers Stee. It begjint om 14.30 oere.

Bauke van der Woude sjongt lieten op teksten meast fan himsels. Ek Meindert Bylsma hat teksten foar him skreaun. It binne meast hiel herkenbare lieten. Bauke van der Woude begeliedt himsels op gitaar en fierders spilet John Eskes op accordeon en gitaar en Campbell Forbes op basgitaar. Beide binne masters op har ynstruminten.

Ynljochtings 55+ soos til. 0517 641532.

#bolswardsnieuwsblad #Friesland


Viewing latest article 1
Browse Latest Browse All 4